Wintermiddei 2014

Verslag - Zonnebloem middei Berltsum. - 24-01-2014


Ít komitee hie op freed 24 jannewaris in gesellige middei belein yn é Formaning.
Ald Berltsumer Harm de Vries út Burgum wie útnoege om wat te fertellen oer ús doarp út jerdere tiden.
Hy die dat oanskoulik mei ôfbyldings fan foto’s, tekeningen en in pear lânskaartsjes.
In pear tuzend jier lyn wie noardwest fryslân in kwelderlânskip sûnder seediken, troch in oantal slinken(geulen) gong it seewertter yn en út.
Ien sa’n slinke wie de Ried dy rûn fan Winaam ôf nei de middelsee.
Bij de mûning fan de slinke is in delsetting ûntstien dy ‘t him ûntwikkele ta in haven, dy ‘t utgong neamd waard.
De namme Berlichem komme wy foar ‘t earst tsjin yn in oarkonde fan de Drintse hânzested Lübeck ût 1355.
Der waard blykber hannel dreaun mei dij stêd fan Berltsum út.
Berltsum skynt destiids stêdsrjochten hân te hawwen, dij ‘t letter op é ien as oare manier wer ferlern gongen binne.
De ijnlieder fertelde oer Hette Hemmema (+/-1400) en sijn neisaten op Hemmema State.
Wij seagen ek foto’s fan de “stroomzuivelboerderij de Volharding” oan de Bitgumerdyk.
Op dat plak kaam yn 1929 it bûterfebryk, dy ‘t letter opheven is. Yn 1984 is de febrykspiip delhelle.
“Berltsum is Berltsum net mear”Seine gouns.
Oer de feiling en alles, wat der mei anneks wie kaam ek hiel wat foarby.
Wy sille dit ferslach mar net te lang meitsje.
Wa ‘t mear witte wol oer de rike skiednis fan ûs doarp moat it boek “Berltsum, beeld van een dorp “ütjûn yn 2000, lêze.
Ien ding is dûdlik,”de tiid hâldt gjin skoft”.
Berltsum is gâns feroare yn é rin fan de tiid.
Der wiene sa’n 50 belangstellenden en dy fûnen it in slagge middei.

Auke Fennema

Marja Vos

06-57978557
contactformulier

Contact & Aanmelden

Heb jij een lichamelijke beperking en wil je deelnemen aan onze activiteiten of wil je je aanmelden als vrijwilliger bij de afdeling?

Specialiteiten

  • Bezoek aan dierentuinen en natuurparken
  • Bezoekwerk
  • Buitenactiviteiten
  • Evenementen en festivals
  • Kunst en cultuur